Blommen, greidefûgels en op in waarme sinnige dei al in hommel:
De maaitiid komt deroan!
De bollen dy’t ferline jier de grûn yn gongen binne komme hjir en dêr al boppe. Dy soene ris witte moatte dat se troch sinnepanielen op ‘e sânput mooglik makke binne!
Foar dyjingen dy’t dat net wisten: by de oanliz fan dy panielen hat GroenLeven kompensaasjejild ta beskikking steld oan ús mienskip. Dat jild sit yn it Gebiedsfûns Nij Beets. Dy hawwe ús oanfraach foar subsydzje ferline jier takend en dêr plukke we no as doarp (inklusyf ús hommels) de fruchten fan.
Mochten jimme it de ynsekten en wjirmen noch wat mear nei it sin meitsje wolle, romje dan no noch net jim hiele tún op. Of, as jim mei moai sinneskynwaar net mear wachtsje kinne, smyt dan alle snoeiselguod of túch/ûnkrûd yn in hoekjes fan ‘e tún byinoar.
Lit it dêr noch in moanne of wat lizze, sadat de bistkes derút krûpe kinne as it har tiid is. Se kinne dan wer meiwurkje om fan jim tún in noch better plakje te meitsjen.
In fleurige groet,
Albert, Anders, Hendrik, Lybrich, Thea (Blombijbeets@gmail.com)