maskersjpg

Toanielselskip: “Kliuwend Omheech”

Nij Beets

Toanielworkshops foar de jongerein!

Yn jannewaris 2018 organisearret de toanielferiening Kliuwend Omheech 5 jûnen foar de jeugd fan Nij Beets en De Feanhoop!

Op dizze jûnen kinne alle jongeren fan 12 oant 18 jier priuwe oan ferskillende foarmen fan toaniel. De jûnen wurde fersoarge troch in dosint fan Keunstwurk Fryslân, Rozemarijn Strubbe. Rozemarijn is in entûsjaste jonge frou dy’t op in aktive en ynspirearjende manier ynfolling jout oan de toanielworkshops.

Wy tinke oan de freedtejûnen yn jannewaris, mar yn oerlis kin dit oanpast wurde. De jûnen binne fergees. De lêste jûn is der in koarte foarstelling foar famylje, buorlju en freonen, hjir sil in lytse bydrage frege wurde.

Sin oan?!!!

Jou dy gau op fia de mail wytsedehaan en dan @ziggo.nl derachter (dit eefkes sa om Wytse in protte spam te besparjen) of de facebookpagina fan Kliuwend Omheech.

Zoeken

Wie is online?

We hebben 25 gasten en geen leden online

Zomaar een foto.